Star Trek: Nemesis | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Stuart Baird | |
produsint | Rick Berman | |
senario | John Logan | |
basearre op | Star Trek: The Next Generation fan Gene Roddenberry | |
kamerarezjy | Jeffrey L. Kimball | |
muzyk | Jerry Goldsmith | |
filmstudio | Paramount Pictures | |
distribúsje | Paramount Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Patrick Stewart Jonathan Frakes Brent Spiner | |
byrollen | Marina Sirtis Michael Dorn LeVar Burton Gates McFadden Tom Hardy Ron Perlman Dina Meyer | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 13 desimber 2002 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-film | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 116 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $60 miljoen | |
opbringst | $67,3 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Star Trek | |
● foarich diel | Star Trek: Insurrection | |
● folgjend diel | Star Trek (film) |
Star Trek: Nemesis is in Amerikaanske science fiction-film út 2002 ûnder rezjy fan Stuart Baird, mei yn 'e haadrollen Patrick Stewart, Jonathan Frakes en Brent Spiner. It wie de tsiende film út 'e Star Trek-filmsearje, en de fjirde (en lêste) dy't basearre wie op 'e tillefyzjesearje Star Trek: The Next Generation. De titel betsjut "Stjerretocht: Aartsfijân". It ferhaal folget de bemanning fan it romteskip de USS Enterprise, û.l.f. kaptein Jean-Luc Picard, as se nei it Romulaanske Stjerreryk stjoerd wurde, dêr't de nije praetor, Shinzon, fertsjintwurdigers fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten útnûge hat. It docht bliken dat Shinzon in kloan fan Picard is, dy't troch in steatsgreep oan 'e macht kommen is. Star Trek: Nemesis krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, en flopte yn 'e bioskopen. Omreden fan dy teloarstelling waard de Star Trek-filmsearje yn 2009 ferfette mei de reboot-film Star Trek.