Stasjon Baarn station Baarn | ||
Stasjon Baarn yn 2014 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Utert | |
Gemeente | Baarn | |
plak | Baarn | |
adres | Stationsplein 66b | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Brn | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 10 juny 1874 | |
boujier | 1874 | |
arsjitekt | A.L. van Gendt | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 8542 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 3 | |
perronspoaren | 4 | |
spoarline | Easterspoarwei Stichtse Line | |
busline | 4 buslinen | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Baarn is it spoarstasjon yn Baarn en leit oan de spoaren Hilfertsom – Amersfoart (Goailine) en Utert – Baarn (Stichtse line). Hoewol't it in lyts station is, hat it in bysûndere eigenskip dy't fierders allinnich in lyts oantal grutter stêden hat: in keninklike wachtkeamer. Paleis Soestdijk leit op sawat twa kilometer ôfstân, dus Keningin Juliana en Prins Bernhard krigen harren eigen mear lúksueuze abry om op de trein te wachtsjen.
Stasjon Baarn hat fjouwer spoaren: spoar 1 leit direkt by it stasjonsgebou en waard brûkt foar de trein fan/nei Utert Sintraal, dy't Baarn as eindpunt hat. De spoaren 2 en 3 lizze lân it eilânperron, hjir stopje de treinen yn de rjochtingen fan Amersfoort en Amsterdam. Yn 2008 waard in nij perron yn gebrûk nomd lâns spoar 4, as nij einpunt foar de trein út Utert.