Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Stasjon Ljouwert-Werpsterhoeke

Ljouwert-Werpsterhoeke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Ljouwert
plak Ljouwert
koördinaten 53° 9' 38" NB, 5° 44' 14" EL
bysûnderheden
type bouwurk Spoarstasjon
wei of spoar Spoar fan Swol nei Ljouwert
kaart
Stasjon Ljouwert-Werpsterhoeke (Ljouwert)
Stasjon Ljouwert-Werpsterhoeke

Stasjon Ljouwert Werpsterhoeke is in nij te bouwen treinstasjon yn Ljouwert. It stasjon moat boud wurde oan it spoar nei Swol as part fan in grut transfearium by Knooppunt Werpsterhoeke. De lokaasje fan it stasjon is tichtby de nijbouwiken Techum, De Werp, en de nij te bouwen wenwyk Middelsee. Om 2025 hinne moat it stasjon klear wêze.

It spoar fan stasjon Ljouwert sil trochlutsen wurde nei Ljouwert-Werpsterhoeke.

By it stasjon sil in grut parkearterrein oanlein wurde. It is de bedoeling om sa it ferkear yn de rjochting fan it sintrum fan Ljouwert te ferminderjen. Njonken dat sil der ek in winkelplein en in bedriuwspark yn it gebiet boud wurde.

Yn 2018 waarden twa ûndertrochgongen foar auto's en fytsen yn gebrûk nommen. It ferwêzentlikjen en it yn gebrûk nimmen fan it stasjon wie ornearre earne nei 2018, ôfhinklik fan de ûntjouwing fan de wentebou yn de omkriten[1][2]. Yn 2019 waard stribbe nei it yn gebrûk nimmen yn 2025[3].

  1. Ljouwert-Werpsterhoeke, Prorail.nl
  2. Stasjon Werpsterhoeke, Leeuwarden Vrijbaan
  3. Leeuwarder wethouder Douwstra: nieuw station Leeuwarden moet in 2025 open Ljouwerter Krante oproppen 27 july 2019

Previous Page Next Page






Leeuwarden Werpsterhoeke railway station English Station Leeuwarden Werpsterhoeke Dutch

Responsive image

Responsive image