Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Synoptyske evangeeljes

Skematyske werjefte fan 'e ynhâld fan 'e synoptyske evangeeljes.

De term synoptyske evangeeljes is in oantsjutting foar trije fan 'e fjouwer nijtestamintyske evangeeljes, te witten de evangeeljes fan Mattéus, Markus en Lukas. Dy omfetsje nammentlik, yn tsjinstelling ta it fjirde kanonike evangeelje, dat fan Jehannes, foar in grut part deselde ferhalen, faak yn deselde folchoarder en ek noch yn grutdiels deselde bewurdings. Sa'n hege graad fan lykstrekigens kin inkeld ferklearre wurde troch in literêre ynterôfhinklikens. De term "synoptysk" is fan oarsprong in Gryksk wurd, dat "mei-inoar" (syn) "besjoen" (optysk) betsjut.


Previous Page Next Page