Tasitus (skriuwer) | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Publius Kornelius Tasitus of Gajus Kornelius Tasitus | |
nasjonaliteit | Romeinsk | |
berne | 56 of 57 | |
berteplak | Gallia Narbonensis (Romeinske Ryk) | |
stoarn | ±120 | |
stjerplak | ? | |
etnisiteit | Romeinsk | |
wurk | ||
taal | Latyn | |
sjenre | non-fiksje (skiedkundige wurken) | |
perioade | Klassike Aldheid | |
bekendste wurk(en) |
Germania Historiae Annales | |
jierren aktyf | ±85 – ±120 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Tasitus (yn it Latyn: Tacitus), folút: Publius Kornelius Tasitus of Gajus Kornelius Tasitus[1] (56/57-±120) wie in Romeinsk histoarikus, skriuwer en reedner. Dat lêste wie iroanysk, yn acht nommen dat syn cognomen Tasitus yn it Latyn de betsjutting "swijend" of "swijsum" hat. Hy wurdt gauris beskôge as Romes grutste skiedskriuwer. Tasitus syn sympaty gie dúdlik út nei in republikeinske steatsfoarm, ynstee fan nei de eigenwille fan guon fan 'e keizers.[2] Hy skreau oer sljochtwei lju mei likefolle fanselssprekkendheid as oer keizers en oare machthawwers, en joech dêrmei in prachtich ynsjoch yn it libben fan syn tiid.