De Tebaanske Trilogy is in oantsjutting foar trije fan 'e sân oerlevere toanielstikken fan 'e Grykske skriuwer en dichter Sofoklês. It giet dêrby om Kening Oidipoes, Oidipoes yn Kolonos en Antígoné. Dizze trije stikken behannelje allegear it lot fan 'e Grykske stêdsteat Tebe ûnder en nei it regear fan kening Oidipoes. Se foarmje net sasear in trochrinnend ferhaal, as wol momintopnames út in trochrinnend ferhaal, en binne gauris yn ien bân útjûn. Sofoklês skreau de trije stikken lykwols foar ûnderskate jiergongen fan 'e toanielwedstryd op it Feest fan Dionysus. Se foarmje sadwaande gjin bedoelde trilogy, en boppedat besteane der guon ûnderlinge tsjinstridichheden tusken de stikken. Mar likegoed wurde se faak yn ien sike wei neamd. Alletrije stikken fan 'e Tebaanske Trilogy binne troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't ek ferantwurdlik foar û.m. de Fryske fertalings fan 'e Ilias en de Odyssee, oerset yn it Frysk.