Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Tytsjerksteradiel

Tytsjerksteradiel

It Alvestêdemonumint op 'e Kanterlânsbrêge oer De Moark.
flagge wapen

Wapen fan Tytsjerksteradiel
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
boargemaster Jeroen Gebben (VVD)
sifers en geografy
haadplak Burgum
grutste plak Burgum
ynwennertal 32.626 (1 jannewaris 2024) [1]
befolkingstichtens 216 / km²
oerflak 161,41 km²
● wêrfan lân 149,44 km²
● wêrfan wetter 11,97 km²
tal doarpen 17
ferkearsieren N355, N361
skiednis
oprjochte 1851
oant 1851 Gritenij Tytsjerksteradiel
oar
netnûmer 058, 0511
postkoade 9061–9265
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.tytsjerksteradiel.nl

Tytsjerksteradiel (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Tietjerksteradeel) is in Wâld-gemeente yn Fryslân east fan Ljouwert. De gemeente hie op 1 jannewaris 2024 32.626 ynwenners (boarne: CBS) op in oerflak fan 161,41 km², wêrfan 12 km² wetter. De gritenij Tytsjerksteradiel waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke.

By de grutte gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1984 moast Tytsjerksteradiel ûnfrijwillich it rekreaasjegebiet De Griene Stjer ôfstean oan Ljouwert en it noardeastlike part fan De Alde Feanen oan Boarnsterhim.[2]

  1. Alle Cijfers
  2. Veltman, Melle, Hoe Achtkarspelen de fusiedans ontsprong, yn: de Ljouwerter Krante, 5 novimber 2018, s. 19.

Previous Page Next Page