Ursula K. Le Guin | ||
skriuwer | ||
Ursula K. Le Guin yn july 2004. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Ursula Kroeber Le Guin | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 21 oktober 1929 | |
berteplak | Berkeley (Kalifornje) | |
stoarn | 22 jannewaris 2018 | |
stjerplak | Portland (Oregon) | |
etnisiteit | Dútsk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | fantasy, SF, jeugdliteratuer, essay's, poëzij, non-fiksje | |
bekendste wurk(en) |
The Left Hand of Darkness Earthsea-rige The Disposessed The Day Before the Revolution The Other Wind Lavinia | |
útjouwer | Parnassus Press Orb Books | |
prizen | 6x Hugo Award 6x Nebula Award 2x World Fantasy Award 21x Locus Award | |
jierren aktyf | 1964 – no | |
offisjele webside | ||
www.ursulakleguin.com |
Ursula K. Le Guin (folút: Ursula Kroeber Le Guin, útspr. ['œɹsələ 'kɹoʊbəɹ lə ɡwɪn], likernôch: "eur-sul-luh kroo-bur luh gwin"; Berkeley (Kalifornje), 21 oktober 1929 – Portland (Oregon), 22 jannewaris 2018) wie in Amerikaansk skriuwster, dichteresse, essayiste en oersetster, dy't in grut oeuvre oan fantasy- en science fiction-literatuer, mar ek berneboeken, gedichten en essay's op har namme stean hie. Hja wie ien fan 'e meast foaroansteande Amerikaanske auteurs fan har sjenre, en hie troch de jierren hinne withoefolle prizen wûn, wêrûnder ferskate Hugo Awards, Nebula Awards en World Fantasy Awards en mar leafst 21 Locus Awards. Ek wûn se in National Book Award en waard se twaris nominearre foar in Pulitzer Prize. Le Guin har boeken binne oerset yn in grut tal ferskillende talen, wêrûnder it Nederlânsk.