Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Waalke van Borssum Waalkes

Waalke van Borssum Waalkes
persoanlike bysûnderheden
echte namme Waalke van Borssum Waalkes
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 9 april 1818
berteplak Goaiïngaryp (Fryslân)
stoarn 12 novimber 1866
stjerplak Goaiïngaryp (Fryslân)
etnisiteit Eastfrysk
Frysk
wurkpaad
berop/amt predikant
aktyf as oersetter, deiboekskriuwer, frisiast
jierren aktyf 18441860
reden
  bekendheid
1e oersetter fan it Evangeelje
   fan Markus
yn it Frysk
bekendste
  wurk(en)
Da Godstyding Bescreauwn
   trog Marcus

Waalke van Borssum Waalkes (Goaiïngaryp, 9 april 1818 – dêre, 12 novimber 1866) wie in herfoarme dûmny, oersetter en deiboekskriuwer. Hy kaam út in laach dat fan Eastfryske oarsprong wie, en syn âlden wiene dû. Pieter van Borssum Waalkes (1795-1881) en Gesina Catherina Tenckinck. Yn Grins studearre er fan 1835 ôf oan 'e universiteit teology en âlde letteren. Fan 1844 oant syn dea wied er predikant te Gau. Hy wie net troud.

Van Borssum Waalkes beskôge himsels as in learling fan Louis Gerlach Pareau, in fertsjintwurdiger fan de Grinzer rjochting. Troch syn modernistyske opfettings kaam er mear as ienris yn oanfarring mei de konservativere leden fan syn gemeente. As predikant lei er him ta op 'e kategeze, mar dêrnjonken wied er in fûleindich strider foar de ynfiering fan it Frysk as tsjerketaal, en hy sette om 1860 hinne as earste it Evangeelje fan Markus oer nei it Frysk. Hy wie gjin begenedige sprekker. Syn deiboek, dat er mei ûnderbrekkings byhold fan 1840 oant 1853, toant him ûnwis yn syn leauwensoertsjûgings, mar oprjocht sykjende.


Previous Page Next Page








Responsive image

Responsive image