Willem Elsschot | ||
![]() | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Alphonsus Josephus de Ridder | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 7 maaie 1882 | |
berteplak | Antwerpen (Flaanderen) | |
stoarn | 31 maaie 1960 | |
stjerplak | Antwerpen (Flaanderen) | |
etnisiteit | ![]() | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | lit. romans, poëzij, non-fiksje | |
perioade | midden 20e iuw | |
bekendste wurk(en) |
Lijmen / Het Been Kaas | |
jierren aktyf | 1913 – 1960 | |
offisjele webside | ||
www.weg.be |
Willem Elsschot, pseudonym fan Alfons de Ridder (folút:Alphonsus Josephus de Ridder; Antwerpen, 7 maaie 1882 – dêre, 31 maaie 1960) wie in Flaamsk skriuwer en dichter, dy't fan berop yn 'e reklamebrâns siet. Hy is benammen bekend wurden troch syn romansyklus Lijmen / Het Been, en mei syn novelle Kaas. Hoewol't syn oeuvre net grut is (hy wie in sinnich skriuwer, dy't lang yn syn wurk omskraste en die), wurdt Elsschot beskôge as ien fan 'e grutste Flaamske auteurs ea. Boeken fan sines binne oerset yn it Frânsk, Ingelsk, Dútsk, Italjaansk, Spaansk, Tsjechysk, Esperanto en Frysk. Fierdersoan binne seis fan syn romans ferfilme.