Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Wurd

It wurd is it lytste selsstannich brûkte taalelemint dat op it nivo fan de sprektaal opboud is út klanken en op it nivo fan de skreaune taal út letters. Sûnt Ferdinand de Saussure is bekend dat it 'wurd' skieden is fan it konsept. It is dêrom net goed om te stellen dat in wurd de lytste ienheid fan betsjutting wêze soe: de relaasje tusken ideeën en wurden is nammmentlik frij willekeurich.

In oare definysje fan "wurd" is de lytste psychologysk-taalkundige ienheid yn de taal dy't op himsels stean kin, oars as it bûne morfeem. In wurd bestiet út minimaal ien frij morfeem en nul of mear bûne morfemen. Yn de praktyk is it in opienfolging fan oan elkoar skreaune letters, wêroan in troch konvinsje oerienkomde betsjutting ferbûn is. Dit betsjut net dat in wurd per definysje in 'betsjuttingdragende' (semantyske) ienheid is, want de dielen wêrút it gearstald is hawwe op harsels ek in betsjutting: de affiksen be-, fer-, -en ensfh. hawwe ellegear in eigen betsjutting.

De betsjutting fan lekseem komt frijwol oerien mei dy fan wurd. De term lekseem wurdt lykwols spesifyk brûkt om it wurd te ûnderskieden fan de betsjuttingsfolle ienheden op leger nivo, ofwol de bûne morfemen.


Previous Page Next Page






Woord AF Wort ALS ቃል (የቋንቋ አካል) AM Palabra AN كلمة Arabic كلمة ARY শব্দ (ব্যাকৰণ) AS Pallabra AST РагӀи AV Söz AZ

Responsive image

Responsive image