Wyk by Duerstede Wijk bij Duurstede | |
---|---|
Wetter yn de stedshaven | |
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Utert |
boargemaster | Iris Meerts (PvdA) |
sifers en geografy | |
haadplak | Wyk by Duerstede |
grutste plak | Wyk by Duerstede |
ynwennertal | 23.988 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 502 / km² |
oerflak | 50,40 km² |
● wêrfan lân | 37,62 km² |
● wêrfan wetter | 2,78 km² |
tal stêden | 1 |
tal doarpen | 2 |
ferkearsieren | , |
skiednis | |
oprjochte | 1300 |
oar | |
netnûmer | 0343 |
postkoade | 3945, 3947, 3960-3962 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.wijkbijduurstede.nl |
Wyk by Duerstede (Nederlânsk en offisjeel: Wijk bij Duurstede) is in stêd en gemeente yn it suden fan de provinsje Utert.
De gemeente hat 23.988 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) op in oerflak fan 50,3 km² wêrfan 2,68 km² wetter. Troch en lâns Wyk by Duerstede streame de rivieren Nederryn, Lek, Krûme Ryn en it Amsterdam-Rynkanaal.
De gemeente grinzget oan de gemeenten Houten, Bunnik, Utertske Heuvelrêch, Culemborg en Buren.
De gemeente bestiet fierder noch út de doarpen Cothen en Langbroek.