Our website is made possible by displaying online advertisements to our visitors.
Please consider supporting us by disabling your ad blocker.

Responsive image


Ypekolsgea

de himrik fan Ypekolsgea
Komboerd
Klokkestoel

Ypekolsgea (Nederlânsk: Ypecolsga) is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, súdwest fan Wâldsein. Oant 2011 lei Ypekolsgea yn de eardere gemeente Wymbritseradiel. It doarp hat likernôch 63 ynwenners (2006). De namme soe komme fan it gea fan kol, de hichte fan Ipe.

Ypekolsgea leit mei Wâldsein en de buorskippen Yndyk, Kûfurderrige, Smelbrêge yn it suden fan Wymbritseradiel. Op it Britske earehôf yn Ypekolsgea lizze de omskotten fan tsien sneuvele militêren. By alle grêven is in identyk grêfteken fan wite natuerstien setten mei yn reliëf in embleem en in krús. It fjildsje mei earegrêven is 1 meter 50 heech, 9 meter breed en 2 meter 50 djip.

Op it begraafplak stiet ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân.


Previous Page Next Page






Ypecolsga English ایپه‌کولس‌خا FA Ypecolsga French Ypecolsga Dutch Іпеколсга Ukrainian یپکولسگا UR Ypecolsga ZH-MIN-NAN

Responsive image

Responsive image