't Stort (Grinslannersk: Stört) is in streekje yn de gemeente It Hegelân (oant 1 jannewaris 2019 gemeente De Marne) yn de provinsje Grinslân. It leit flakby Leens op it punt dêr't it Warfhústerloopdjip gearkomt mei de Hoarnse Feart en gearrint ta it Hunzegoakanaal. Wat súdliker leit de buorskip Douwen en fierder nei it westen de buert Leenstertillen. Neist it buertsje leit oer de Hoarnse Feart de Hellenstertil, dy't lokaal Scheeftil neamd wurdt. Fan 't Stort út rint it Scheeftilsterpaad nei Leens.