Afrikaansk

Afrikaansk
algemien
eigen namme Afrikaans
lânseigen yn Súd-Afrika, Namybje, fersprate mienskippen yn Kanada, it Feriene Keninkryk, Austraalje, Nij-Seelân, Botswana, Simbabwe, Lesoto, Argentynje
tal sprekkers 6,45 miljoen as memmetaal, 10,3 miljoen as 2e of 3e taal.[1]
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
dialekten Kaapsk Afrikaansk, Eastgrins-Afrikaansk, Oranjerivier-Afrikaansk, Eastkaapsk Afrikaansk, Earlamsk
taalstatus
offisjele status offisjele taal yn Súd-Afrika, erkende minderheidstaal yn Namybje
taalkoades
ISO 639-1 af
ISO 639-2 afr
ISO 639-3 afr
Yn it donkergriene gebiet wurdt troch mear as 70 persint fan de minsken Afrikaansk sprutsen, yn it ljochtgriene part is dat mear as 50 persint.

Afrikaansk (eigen namme: Afrikaans) is in Westgermaanske taal, basearre op it Nederlânsk fan de 17e iuw. De taal waard pas op 8 maaie 1925 offisjeel erkend[2] en is sadwaande de tred jongste Germaanske taal dy’t in amtlike status hat (it Faeröersk waard yn 1948 amtlik erkend en it Lúksemboarchsk yn 1984[3]). It Afrikaansk wurdt it meast sprutsen yn Súd-Afrika, it is dêr ek ien fan de alve offisjele talen. Dêrnjonken is it ek in wichtige taal yn Namybje, dêr’t it as lingua franca brûkt wurdt. Yn totaal wurdt de taal troch likernôch 6,4 miljoen minsken as memmetaal brûkt.

Afrikaansk en Nederlânsk binne noch foar in grut part ûnderling fersteanber. Ek foar Frysk-sprekkers is it Afrikaansk goed oan te learen. De útspraak en grammatika fan it Afrikaansk is mear analytysk en ienfâldiger as oare Germaanske talen. Neist it Nederlânsk, de wurdskat fan it Afrikaansk bestiet foar 85% út Nederlânske wurden, hawwe ek in protte oare talen it Afrikaansk beynfloede, bygelyks Maleisk, Portegeesk, Frânsk, Dútsk, Ingelsk en oare Afrikaanske talen.

  1. Ethnologue.com Afrikaans (sjoen op 12 oktober 2010)
  2. Lill, D. van (2004). Van Lill se Suid-Afrikaanse trivia. Zebra Press. Side 38.
  3. Over de totstandkoming van de Faeröerse spelling

Afrikaansk

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne