De Alpen is in berchtme yn Jeropa, mei in oerflakte fan mear as 200.000 km², dat him útstrekt út Frankryk wei (Frânske Alpen) nei Eastenryk en Sloveenje (de Julyske Alpen) en fan Itaalje nei it Súd-Dútske Beieren (de Beierske Alpen). Switserlân leit der tuskenyn.
De Alpen is in frijwat jong berchtme, benammen foarme yn it Kryt (lykas de Dent du Villard dúdlik sjen lit) en yn it Tertiêr. Mar njonken it âlde kearngebiet mei de Mont Blanc- en it Gotthardmassyf, binne ek noch jongere oerdekkings foarme. Yn de Alpen ûntsteane ek de grutte rivieren fan Jeropa, lykas de Rhône, de Ryn en de Inn.