Amerikaansk-Ingelsk | ||
algemien | ||
eigen namme | American English | |
lânseigen yn | Feriene Steaten | |
tal sprekkers | 231.000.000 (2011) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Noardwestgermaansk ● Angelsaksysk ● Ingelsk ● Amerikaansk-Ingelsk | |
dialekten | Nij-ingelânsk, Midwestlik, Súdlik, Appalachysk, Kalifornysk, Teksaansk en oaren | |
taalkoades | ||
ISO 639-3 | eng |
It Amerikaansk-Ingelsk (Amerikaansk-Ingelsk: American English) is de Ingelske taal sa't dy sprutsen wurdt yn 'e Feriene Steaten fan Amearika. It is in dreech te omskriuwen taalfoarm, mei't it eins in sammelnamme is foar in groep sterk útinoar rinnende dialekten, fan Standertamerikaansk-Ingelsk, dat mear Standertingelsk mei in aksint is, oant Appalachysk (of Highland Southern), dat foar in sprekker fan Britsk-Ingelsk eins net iens nei te kommen is. Dêrby moat trouwens wol oantekene wurde dat it Amerikaansk-Ingelsk oer it algemien in folle homogener taalfoarm is as it Britsk-Ingelsk, wat fansels ek logysk is, mei't yn Grut-Brittanje de dialekten folle langer de tiid hân hawwe om har te ûntwikkeljen. It Standertamerikaansk-Ingelsk (General American) is basearre op it dialekt sa't dat yn 'e midden fan 'e tweintichste iuw yn 'e krite besuden de Grutte Marren sprutsen waard (hoewol't de útspraak dêr no feroare is troch de Klankferskowing fan de Noardlike Stêden).