Amersfoart Amersfoort | |
---|---|
Sint-Joaristsjerke | |
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Utert |
boargemaster | Lucas Bolsius (CDA) |
sifers en geografy | |
haadplak | Amersfoart |
grutste plak | Amersfoart |
ynwennertal | 161.975 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 2535 / km² |
oerflak | 63,86 km² |
● wêrfan lân | 62,62 km² |
● wêrfan wetter | 1,2 km² |
tal stêden | 1 |
tal doarpen | 2 |
ferkearsieren | , |
skiednis | |
oprjochte | 1259 |
oar | |
netnûmer | 033 |
postkoade | 3800 - 3829 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.amersfoort |
Amersfoart[1] (Nederlânsk en offisjeel: Amersfoort; Utertsk-Alblasserwaardsk: Aomersfoort) is in stêd en gemeente yn de provinsje Utert.
De gemeente hat 161.975 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) dy't Amersfoarters neamd wurde. It is yn befolkingsoantal de twadde stêd fan de provinsje Utert en de fjirtjinde fan Nederlân. Amersfoort is in groeistêd en hat ekonomysk in regiofunksje mei in sterk groeid bedriuwslibben, it hat ien fan de grutste spoarweiknooppunten fan Nederlân en wie eartiids in wichtige garnisoensstêd. De binnenstêd hat in midsiuwsk karakter mei grêften.
Amersfoart fierde yn 2009 dat er 750 jier stedsrjochten hat. It hiele jier troch wiene der festiviteiten yn de binnenstêd en rânegemeenten.