Amsterdamned | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Dick Maas | |
produsint | Laurens Geels Dick Maas | |
senario | Dick Maas | |
kamerarezjy | Marc Felperlaan | |
muzyk | Dick Maas | |
filmstudio | First Floor Features | |
distribúsje | First Floor Features (Nederlân) Concorde Film (ynternasjonaal) | |
spilers | ||
haadrollen | Huub Stapel Monique van de Ven | |
byrollen | Serge-Henri Valcke Tatum Dagelet Wim Zomer Tanneke Hartzuiker Hidde Maas Lou Landré | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Nederlân | |
premiêre | 11 febrewaris 1988 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | horrorskriller en plysjefilm | |
taal | Nederlânsk | |
spyltiid | 105 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | ƒ6 miljoen |
Amsterdamned is in Nederlânsk horrorskriller, plysjefilm en slasherfilm út 1988 ûnder rezjy fan Dick Maas, mei yn 'e haadrollen Huub Stapel en Monique van de Ven. De titel is in gearlûking fan 'e plaknamme Amsterdam en it Ingelske wurd damned, dat "ferflokt" betsjut. It ferhaal folget plysjeman Eric Visser as er efter in psychopatyske searjemoardner oangiet dy't Amsterdam ûnfeilich makket en út 'e grêften fan 'e stêd wei liket te operearjen. Amsterdamned krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. Yn augustus 2024 waard bekend dat Dick Maas in ferfolchfilm op Amsterdamned meitsje soe, dy't foarearst bekendstie ûnder de wurktitel Amsterdamned II. De opnamen soene yn 'e hjerst fan 2024 plakfine.