Anne Woudwijk

Stânbyld fan Grutte Pier, makke troch Anne Woudwijk.
Livius, Aldegea, 2010

Anne Woudwijk (Drachten, 11 maaie 1952) is in byldzjend keunstner út Drachten.

In soad fan syn wurk is neu ferbûn mei de provinsje Fryslân. Woudwijk wurdt ek faken ynspirearre troch de âlde Germaanske mytology.

Yn it bekend wurk fan syn hân is it stânbyld fan Grutte Pier yn it sintrum fan Kimswert. Yn 1992 bea hy by de iepening fan in Frysk-Grinzer agintskip fan De Nederlandsche Bank[1] yn Drachten in byld oan, dat in guozzepear foarstelde. Mei it pear, dat elkoar libbenslang trou bliuwt, symbolisearre Woudwijk de ferbûnenheid tusken de provinsjes Grinslân en Fryslân. Yn opdracht fan De Nederlandsche Bank mekke hy fierder in keunstwurk mei as titel De Guozzetrek. Trije wjuken, wêrfan de heechste 5,50 meter is, steane yn in hoeke fan 17 graden yn in fiver foar it gebou.

Yn 2002-2003 exposearre Woudwijk yn Museum Smellingerlân yn Drachten mei njoggen mytologyske bylden.[2]

Yn 2006 eksposearre hy yn itselde museum mei in ynstallaasje[3] mei as tema de âldtestamintyske profeet Elia. De ynstallaasje is útfierd yn paleobasalt.

Yn 1993 waard op de pier fan Holwert in byld fan in walfisk setten. Neidat in fearboat der yn 2001 yn tichte mist tsjinoan fard wie, waard it 50 ton swiere byld slim skansearre.[4] It byld is wyls restaurearre en wer op de pier fan Holwert tichtby it oanlisplak foar de boat nei It Amelân setten.

Anne Woudwijk makket ek de byldsjes foar de Rink van der Veldepriis.

Syn dochter Roelie Woudwijk (Drachten 1979) is ek byldzjend keunstner.

  1. Wysl sit yn it gebou it Sintrum foar Ljochtarsjitektuer.
  2. Eftergrûnynformaasje oer dizze bylden is te finen op CultuurArchief.nl
  3. Oer dit wurk is mear ynformaasje te finen op Galeries.nl.
  4. Veerboot Sier vaart walvis stuk in Leeuwarder Courant, 26 septimber 2001

Anne Woudwijk

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne