Atlanta | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Georgia | |
County | Fulton County DeKalb County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 443.775 (2012) | |
Oerflak | 343 km² (ynkl. wetter) 341,2 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.230,9 / km² | |
Stêdekloft | 5.457.831 (2012) | |
Hichte | 225 – 320 m | |
Oar | ||
Stifting | 1837 | |
Tiidsône | UTC-5 | |
Simmertiid | UTC-4 | |
Koördinaten | 33°44′56″N 84°23′24″W | |
Offisjele webside | ||
www.atlantaga.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Atlanta yn Fulton County en yn 'e steat Georgia. |
Atlanta is de haadstêd en tagelyk de grutste stêd fan 'e Amerikaanske steat Georgia. Teffens is it haadplak fan it omlizzende Fulton County, al stekt in lyts diel fan 'e bûtenwiken yn it easten oer de grins fan DeKalb County hinne. Neffens in offisjele skatting út 2012 (op basis fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010) hie Atlanta doe krapoan 445.000 ynwenners. As stêdekloft, wêrby't alle foarstêden en de omlizzende heal ferstedske plattelânskrite meirekkene wurde, hat Atlanta in befolking fan hast 5,5 miljoen minsken. Dêrmei is it de op acht nei grutste agglomeraasje fan it lân. De stêd is in wichtich yndustry-, ferkears-, hannels-, en finansjeel sintrum yn it súdeasten fan de Feriene Steaten, en stiet der û.m. om bekend dat sawol frisdrankgigant Coca Cola as de ferneamde ynternasjonale nijsstjoerder CNN der harren haadkertier hawwe.