![]() |
![]() |
Atlantis (Aldgryksk Ἀτλαντίς, "dochter fan Atlas") soe in earder eilanneryk west hawwe. It ryk waard foar it earst neamd yn Plato syn dialogen Timaeus en Critias. Troch in katastrôfe soe it ryk hommels ferdwûn wêze. De namme Atlantyske Oseaan is in ferwizing nei dat Atlantis.
Gelearden binne it der net oer iens at Plato faaks troch eardere boarnen ynspirearre west hat. Guon wolle hawwe dat hy putte út ferhalen oer de fulkaanútbarsting fan Thera, wylst oaren tinke dat hy troch de ferwoasting fan Helike yn 373 f.Kr. of de mislearre Ateenske ekspedysje nei Sisylje yn 415–413 f.Kr. syn ynspiraasje foar Atlantis krige. Omdat Plato de ferwoasting fan Atlantis yn ferbân bringt mei de Floed fan Deukalion wurdt ek wol tocht dat hy him ynspirearje liet troch it sûndfloedferhaal.