In autosneldyk, autosnelwei of autobaan[1] is in dyk foar lange ôfstannen, dy't meast foar fluchferkear ornearre is. Der binne twa rydrjochtingen yn tsjinoerstelde rjochtingen en der binne gjin krusings. In autosneldyk hat op syn minst twa stripen yn beide rjochtings, dy't fan inoar skaat wurde troch linen. Men kin oer de ôf- of oprydstripe fan of op de autosneldyk komme. Om gau op in oare autosneldyk te kommen binne der ferkearsknooppunten. In autosneldyk kin oer brêgen en troch tunnels boud wurde. Op de autosneldyk mei net stilstien of parkearre wurde, dêrfoar binne de tankstasjons en parkearplakken njonken de autosneldyk.