Bakhuzen | ||
Sint-Odulfustsjerke | ||
Bestjoer | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.035 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N359 N928 | |
Postkoade | 8574 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 52' NB 5° 28' EL | |
Offisjele webside | ||
bakhuizen.nl | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Bakhuzen yn de eardere gemeente Gaasterlân-Sleat |
Bakhuzen is in doarp tusken De Moarre en it Murnser Klif yn de gemeente De Fryske Marren. Oant 1955 foarme Bakhuzen mei Murns ien doarp. Bakhuzen leit op de râne fan it pleistosene sângebiet (gaasten) op weagjende boaiem tusken 1-10 meter boppe NAP. It Bakhúster heech is bekend om it moaie útsicht oer de greiden en de Iselmar. Foar de kust leit it natoergebiet de Mokkebank.
Bakhuzen hie op 1 jannewaris 2023 1.035 ynwenners.