In beafeart is yn de Roomske tsjerke de tocht nei in plak dat de namme fan in hillichheid hat. It kin wêze dat it plak ferbûn is mei de stifter of in hillige fan in religy, of op oare wize in wichtich plak ynnimt yn de skiednis fan de religy. It kin ek it plak fan in iepenbiering of in religieus boppenatuerlik wûnder wêze.