Beatrix Potter (Londen, 28 july 1866 – Sawrey, 22 desimber 1943) wie in Ingelsk skriuwster en yllustrator fan berneboeken. Hja waard wrâldferneamd mei har ferhalen oer Peter Rabbit ('Piter Knyn') en syn famylje.
Beatrix Potter waard berne yn in begoedige húshâlding yn Londen. Sy krige thús ûnderrjocht fan gûvernantes, dat hja hie net folle kunde oan oare bern. Simmerdeis, at har heit in bûtenpleats hierde yn Skotlân en letter yn it Lake District, hie Beatrix in soad omgong mei bisten en de natoer.
Potter har karriêre as skriuwster en tekeneres berneferhalen begûn yn 1902 mei It ferhaal fan Piter Knyn. It ferhaal waard útjûn troch Frederick Warne. 1905 frege Beatrix har redakteur, Norman Warne, hat om mei him te trouwen. Hy waard lykwols siik en stoar in pear wike letter.
Itselde jier kocht Beatrix in pleats mei de namme Hill Top yn Sawrey yn it Lake District. Dêr brocht se safolle mooglik tiid troch, hoewol't sy noch by har âlden wenne. De pleats en it goa dêromhinne krigen in rol yn har ferhalen en in protte yllustraasjes litte plakken yn it Lake District sjen dy't oant hjoed-de-dei net feroare binne.
Yn 1913 troude sy abbekaat William Heelis en sette har foar fêst nei wenjen yn Sawrey. Skriuwen en skilderjen kamen doe op it twadde plak; de buorkerij en de skieppefokkerij gienen foar. Mei in erfenis fan har âlden en mei de royaltys fan har boeken koe hja stikken lân keapje om dy as beskerme natuergebiet te behâlden. Doe't sy yn 1943 ferstoar, liet hja de steat goed 1600 hektare natuer en fyftjin landerijen nei oan de National Trust.