Blu-ray

It logo fan blu-ray.
In blu-ray-skiif.

Blu-ray of blu-ray disc (BD) is in formaat wêrmei't digitale ynformaasje op in optyske skiif opslein wurde kin. It hat de uterlike foarm fan in rûne skiif mei in diameter fan 120 mm en in tsjûkte fan 1,2 mm, dy't oerienkomt mei de ôfmjittings fan cd's en dvd's. Blu-ray waard ûntwurpen om 'e âldere dvd-skiif te ferfangen, en kin ferskate oeren oan fideobylden opslaan mei de resolúsje high-definition (HDTV 720p en 1080p) of ultra high-definition (2160p). It is benammen bedoeld as opslachmedium foar spylfilms en foar fideospultsjes foar PlayStation 3, Playstation 4 en Xbox One.


Blu-ray

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne