| |||
Oerflak | 30,6 km² | ||
Tal ynwenners | 5.118↓, 165 ynw./km² (2017) | ||
Webstee | http://www.borkum.de/ |
Boarkum (offisjeel Dútsk: Borkum) is it meast westlike en grutste Eastfrysk eilân. Boarkum is in part fan it Dútske distrikt (Landkreis) Leer.
Dielen fan it eilân en it oanswettende waad behearre ta it Nationaal Park Niedersachsener Wadzee. It eilân is in troch de steat erkend Noardseekueroarde en hat tal fan spafoarsjenningen.
Om 1830 kaam dêr it baaitoerisme op en fan ûngefear 1870 ôf oan waard it eilân ekonomysk hast folslein ôfhinklik fan it toerisme. Yn 2015 wienen der 282.252 fakânsjegongers en 2.415.928 oernachtingen.
Fan 1902 oant 1996 wie Borkum, mei koarte ûnderbrekkingen nei de Earste en Twadde Wrâldkriich, ek de basis fan marine-ienheden dy't by tiden fan gruttere ekonomyske betsjutting foar it eilân wiene as it toerisme.