De Bosnyske Moslims, dy't tsjintwurdich ek wol Bosnjakken neamd wurde, binne in Súdslavysk folk dat foar it meastepart yn Bosnje libbet, yn it Sandzjak-gebiet op de grins fan Servje en Montenegro en sa fierder yn Kosovo.
De Bosnyske Moslims binne in lânseigen folk dat ûnder de Ottomaanske oerhearsking bekeard is ta de Islam. Sûnt dy tiid is it folk beynfloede troch East en West. Dat hat late ta in unike kultuer, mar ek ta ferfolgings. It gefolch hat west dat fan de krekt wat mear as 2,6 miljoen Bosnyske Moslims likernôch 0,5 miljoen útreizge binne. Op de Balkan steane sy bekend as autochtoane moslims, alhoewol't net alle Bosnyske Moslims ek wier it islamitysk leauwe oanhingje.
Bosnyske Moslims of Bosnjakken binne net itselde as Bosnjers, al is der tusken dy beide begripen in grutte oerlaping.