In brigadegeneraal is in opperofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de lânmacht, de maresjesee en de mariniers; de ekwivalinte rang by de marine is kommandeur, en de ekwivalinte rang by de loftmacht is commodore. De oansprektitel fan in brigadegeneraal is "generaal". De boppelizzende rang is generaal-majoar, en de ûnderlizzende rang is kolonel. Dêrmei is de brigadegeneraal de leechste opperofsiersrang. Sa't de namme al seit, fiert in brigadegeneraal it befel oer in brigade. Yn 'e legers fan guon lannen, benammen yn East-Jeropa, komt de rang fan brigadegeneraal net foar.