Charles Perrault | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Charles Perrault | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 12 jannewaris 1628 | |
berteplak | Parys (Frankryk) | |
stoarn | 16 maaie 1703 | |
stjerplak | Parys (Frankryk) | |
etnisiteit | Frânsk | |
wurk | ||
taal | Frânsk | |
sjenre | mearkes, berneboeken, poëzij, non-fiksje, essay's | |
perioade | Ferljochting | |
bekendste wurk(en) |
Contes de Ma Mère l'Oye ("Ferhalen fan Us Mem de Goes") | |
jierren aktyf | 1668 – 1703 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Charles Perrault (Parys, 12 jannewaris 1628 – dêre, 16 maaie 1703) wie in ferneamd Frânsk skriuwer en lid fan 'e Académie française, dy't koart foar 1700 de grûnslach lei foar in nij literêr sjenre, it mearke, dat weromgriep op alâlde folksferhalen. Hy is benammentlik bekend wurden troch syn Contes de Ma Mère l'Oye ("Ferhalen fan Us Mem de Goes"), út 1697, wêryn't er sokke klassikers as Le Petit Chaperon Rouge (Readkapke), Cendrillon (Jiskepûster) en Le Chat Botté (De Kat op Learzens) fêstlei. In grut tal fan Perrault syn mearkes waard letter werskreaun troch de bruorren Grimm, en wurdt noch altyd werprinte en adaptearre ta oare media, lykas opera, ballet, toaniel en animaasje (datlêste benammen troch de Walt Disney-studio's). Perrault wie by syn libben in ynfloedryk figuer yn Frânske literêre fermiddens, en hy wie de lieder fan 'e partij fan 'e modernisten.