Chicago

Chicago
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Illinois
County Cook County
(ek in stikje yn DuPage County)
Sifers
Ynwennertal 2.714.856 (2012)
Oerflak 606 km² (ynkl. wetter)
588 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 4.447,4 / km²
Stêdekloft 9.461.105 (2012)
Hichte 182 m
Oar
Stifting 1780
Tiidsône UTC-6
Simmertiid UTC-5
Koördinaten 41°52′55″N 87°37′40″W
Offisjele webside
www.cityofchicago.org
Kaart
De lizzing Chicago yn Illinois.
Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Illinois. Foar oare betsjuttings, sjoch: Chicago (betsjuttingsside).

Chicago is de grutste stêd fan it Amerikaanske Midwesten, en de op twa nei grutste fan 'e hiele Feriene Steaten (nei New York en Los Angeles). Yn 2012 hie it rom 2,7 miljoen ynwenners, wylst de hiele stêdekloft mei Chicago as sintrum (ynformeel ek wol "Chicagolân" neamd) sels in befolking fan hast 9½ miljoen minsken hie. Chicago leit yn it noarden fan it fêstelân fan 'e Feriene Steaten, oan 'e igge fan 'e Michiganmar, yn 'e steat Illinois (al wreidet de stêdekloft him út oant yn 'e oangrinzgjende steaten Indiana en Wiskonsin). Chicago is it haadplak fan Cook County, mar omfettet ek in lyts diel fan DuPage County. De namme "Chicago" komt fan shikaakwa, it wurd foar "wylde sipel" of "wylde knyflok" yn 'e taal fan 'e pleatslike Majêmy- en Illinois-Yndianen. De stêd wurdt ek wol The Windy City ("De Wynderige Stêd") neamd, om't it der sa hurd waaie kin.


Chicago

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne