Das

das
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje martereftigen (Mustelidae)
skaai Jeraziatyske dassen (Meles)
soarte
Meles meles
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De das of taks (wittenskiplike namme: Meles meles), om ûnderskie te meitsjen mei oare dassesoarten ek wol de Jeropeeske das neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae), de ûnderfamylje Jeraziatyske dassen (Melinae) en it lyknammige skaai fan 'e Jeraziatyske dassen (Meles). It is middelgrut, omnivoar nachtdier, dat yn famyljegroepen libbet en oerdeis yn in eigengroeven ûndergrûnsk hoalestelsel tahâldt. In mantsjesdas wurdt in bear neamd, en in wyfke in sûch of mot. De das komt ek yn Fryslân foar, benammentlik yn it súdeasten en it súdwesten fan 'e provinsje. Dit bist is nau besibbe oan 'e Aziatyske das (Meles leucurus) en de Japanske das (Meles anakuma). De Transkaukazyske das (Meles canescens) waard lange tiid as in ûndersoarte fan 'e das beskôge, mar hat no erkenning as in selsstannige soarte. De dassen as groep foarmje in parafyletyske en dêrom ynformele kloft bistesoarten, dy't ferdield is oer trije ûnderfamyljes fan 'e martereftigen. De IUCN klassifisearret de Jeropeeske das as net bedrige.


Das

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne