De Fluezen | ||
De Fluezen sjoen yn de rjochting fan Ealahuzen | ||
geografy | ||
type wetter | mar | |
lokaasje | Súdwesthoeke | |
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
koördinaten | 52° 56' NB, 5° 32' EL | |
ûnderdiel fan | Fluezen/Hegemer Mar | |
sifers | ||
maks. lingte | 12 km | |
maks. breedte | 2 km | |
oerflak | 15,16 km² | |
djiptegemiddelde | 1,5 m | |
djipste punt | 2 m | |
kaart | ||
De Fluezen is in mar op 'e grins fan de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren. Hy leit noardeastlik fan De Holken en it giet yn it noardeasten oer yn de Hegemer Mar. De namme hat te krijen mei flues, driuwende seadden. Der is in sydslinke nei Wâldsein, Koudum en De Gaastmar leit oan in ynham (It Piel).