Steat Delaware State of Delaware | |
---|---|
flagge | wapen |
Liberty and Independence (Ingelsk, "Frijheid en Unôfhinklikheid") | |
lokaasje yn de Feriene Steaten | |
algemien | |
ôfkoarting | DE |
lân | Feriene Steaten |
status (jier) | steat (1787) |
haadstêd | Dover |
grutste stêd | Wilmington |
offisjele taal | gjint (de facto Ingelsk) |
sifers | |
ynwennertal | 936.000 (2014) |
befolkingstichtens | 179,0 / km² |
oerflak | 6.452 km² (21,5% wetter) |
bykommende ynformaasje | |
bynamme | de Diamond State |
tiidsône | UTC –5 |
simmertiid | UTC –4 |
webside | delaware.gov |
Delaware (útspr.: ['dɛləwɛ:ɹ], likernôch "della-û-êr"), offisjeel de Steat Delaware (Ingelsk: State of Delaware), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Delaware, byneamd de Diamond State (of ek wol de First State), leit yn it easten fan it lân, op it Delmarva-skiereilân, dat útstekt yn 'e Atlantyske Oseaan. Formeel heart de steat ta de regio fan it Amerikaanske Suden. De haadstêd is Dover, mar de grutste stêd is Wilmington. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe 936.000 ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 45ste steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Delaware mei noch gjin 6.500 km² de op ien nei lytste steat.