Detroit | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Michigan | |
County | Wayne County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 701.475 (2012) | |
Oerflak | 370 km² (ynkl. wetter) 359,4 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.985 / km² | |
Stêdekloft | 4.292.060 (2012) | |
Hichte | 200 m | |
Oar | ||
Stifting | 1701 | |
Tiidsône | UTC -5 | |
Simmertiid | UTC -4 | |
Koördinaten | 42°19′53″N 83°02′45″W | |
Offisjele webside | ||
www.detroitmi.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Detroit yn Wayne County en de steat Michigan. |
Detroit, byneamd Motown, is de grutste stêd yn 'e noardlike Amerikaanske steat Michigan, en it is ek it haadplak fan Wayne County, wat de tichtstbefolke county fan Michigan is. Neffens in offisjele skatting hie Detroit yn 2012 goed 700.000 ynwenners, wat mear as 10.000 minder is as yn 2010. Yn it earste desennium fan 'e ienentweintichste iuw wie it ynwennertal fan Detroit al mei 25% omleech gien. As stêdekloft, mei alle foarstêden derby, kaam Detroit yn 2012 op in befolkingsgrutte fan krapoan 4,3 miljoen minsken. De stêd leit oan 'e grins mei Kanada, oan 'e igge fan 'e rivier de Detroit, dy't twa fan 'e Grutte Marren, de Huronmar en de Earymar, mei-inoar ferbynt. As Windsor, yn it Kanadeeske Ontario, oare kant de grins, ek meirekkene wurdt, komt de totale stêdekloft op in ynwennertal fan 5,7 miljoen út.
Detroit is fral bekend fanwege syn omfangrike autoyndustry. De trije grutte Amerikaanske automerken hawwe der harren haadkertier: Ford, General Motors en Chrysler. Yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw hie de stêd sels hûnderten ûnderskate autofabrikanten. Dêrfandinne syn bynamme, The Motor City, oftewol Motown (in gearlûking fan Motor Town). Tsjintwurdich is Detroit in earsten foarbyld fan 'e saneamde Roastgurdle (Rust Belt), de yn it neigean rekke sintra fan 'e swiere yndustry yn it noarden fan 'e Feriene Steaten. It is mei de stêd al safierhinne kommen, dat it stedsbestjoer Detroit yn 2013 fajyt ferklearje moast.