Doha الدوحة ad-Dawḥa | ||
Modern Doha | ||
Bestjoer | ||
Lân | Katar | |
Gemeente/gûvernemint | Doha | |
Sifers | ||
Ynwennertal | ↑2.382.000 (2018) | |
Oerflak | 132 km² | |
Befolkingsticht. | 18.000 / km² | |
Stêdekloft | 1.723.064 ynwenners | |
Hichte | 7 m | |
Oar | ||
Stifting | 1850 | |
Tiidsône | East Afrikaanske Tiid (UTC+3) | |
Koördinaten |
Doha (Arabysk: الدوحة, ad-doha of ad-dawhah) is in gemeente yn, en de haadstêd fan Katar. De stêd leit oan de Perzyske Golf. Lykas yn oare Arabyske lannen hat Katar ek mânske oalje- en gasfjilden, mar de fiskerij is dêr ek noch fan belang. Likernôch 80% fan de befolking fan Katar wennet yn Doha of har foarstêden. Hast alle ekonomyske aktiviteiten konsintrearret him yn Doha.
Doha hat in ûnderwiisdistrikt, Education City, dat hielendal wijd is oan ûndersyk, ûntjouwing en ûnderwiis.
Doha hat in ynternasjonaal fleanfjild (Doha International Airport). Der wurdt boud oan in nije ynternasjonale lofthaven dy't The New Doha International Airport(NDIA) hjitte sil. Yn 2015 sil it yn gebrûk naam wurde.
Doha hie har kandidaat steld foar de Olympyske Simmerspullen 2016,[1] mar hat it net helle.
2001 is yn Doha in ûntwikkelingsaginda fêstlein (DDA, Doha Development Agenda). De lannen dy't oansletten binne by de Wrâldhannelsorganisaasje (WHO) binne doe úteinset mei ûnderhannelingen om ynternasjonale hannelsbarriêres wei te nimmen. Dy ûnderhannelingsomloop, de Doha-omloop, is no noch oan de gong. [2]