Drama (film)

In dramafilm of dramatyske film, ek wol filmdrama neamd, is in filmsjenre dat emosjonele tema’s behannelet en dêr’t ynterminsklike konfliksituaasjes de boppetoan yn fiere. De sjogge krijt ynhâld in soad te sjen fan beskate persoanlike ûntjouwings fan ien of mear haadpersoanen yn it ferhaal. It sjenre is der op oprjochte de sjogger him yn de personaazjes ynlibje te litten.

Under dramafilms falle ek oarlochsfilms, detektives, histoaryske drama’s en biografyen. Ek films dy’t meast as komeedzje yptearre wurde kinne beskate dramatyske eleminten yn har hawwe, lykas tragikomeedzjes.

It dramasjenre kin beskôge wurde as de tsjinhinger fan de aksjefilm, dêr’t flotte aksje sintraal yn stiet yn stee fan persoanlike ûntjouwings fan de haadpersoanen. Yn werklikheid binne de measte films lykwols in mjuks fan ferskate sjenres en binne grinzen tusken de sjenres min objektyf fêst te stellen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.


Drama (film)

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne