Easterbierrum | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 555 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 5,45 km², wêrfan: - lân: 5,41 - wetter: 0,04 km² | |
Befolkingsticht. | 104 ynw./km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 14' N 5° 30' E | |
Offisjele webside | ||
Doarpsside | ||
Kaart | ||
Easterbierrum (útspr.: [jɛstərˈbjɪrœm], "jes-tur-bjir-rum"; pleatslik, yn it Bjirmsk, útspr. as "es-tur-bjir-rum") is in doarp yn de gemeente De Waadhoeke. Easterbierrum leit noardeastlik fan Seisbierrum, noardwestlik fan Kleaster-Lidlum en westlik fan Tsjummearum. De doarpskearn fan Easterbierrum leit om de Haerdawei en Lidlumerwei. De buorskip Koehoal (diel) heart ek by Easterbierrum.
Op 1 jannewaris 2023 hie Easterbierrum 555 ynwenners.