Ede | ||
Sintrum fan Ede fan de noardkant ôf (2003) | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Gelderlân | |
Gemeente | Ede | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 76.750 (2021)[1] | |
Oar | ||
Postkoade | 6710-6718 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 2' 37" NB, 5° 40' 0" EL | |
Kaart | ||
Ede is in middelgrut plak yn de provinsje Gelderlân dy't oan de westkant fan de Feluwe en yn de súdlike Gelderske Fallei leit. It is ek it haadplak fan de gemeente Ede. It plak Ede hat 76.750 ynwenners (2021).
Ede is bekend om de Slach om Arnhim yn de Twadde Wrâldkriich. Doe spile Ede in wichtige rôl fanwegen de Alliearde parasjutisten dy't dêr lânen yn septimber 1944 yn it ramt fan Operaasje Market Garden. Elts jier lûke de loftlânings op de Ginkelske Heide tûzenen besikers nei Ede.