In eksklave is in lyts part fan in gebiet dat, troch tuskenlizzend oar gebiet, net ferbûn is mei in grutter part fan it gebiet. Guont eksklaves wurde troch twa as mear oare gebieten omsletten, lykas Kabinda, in eksklave fan Angoala tusken Saïre en Kongo. De measte eksklaves wurde lykwols troch ien lân omsletten, en binne dêrmei ek enklaves, lykas Busingen, in eksklave fan Dútslân dy't in enklave yn Switserlân is.