| ||||
Haadstêd | Straasburch | |||
Arrondisseminten | 13 | |||
Kantons | 75 | |||
Gemeenten | 903 | |||
Departeminten | Bas-Rhin (67) Haut-Rhin (68) | |||
Oerflakte | 8280 km² | |||
Ynwenners - Totaal - Befolkingstichtens |
1.734.145 (1999) 209 ynw/km² | |||
Folksliet | {{{folksliet}}} {{{folksliet}}} | |||
webstee | {{{webstee}}} |
De Elzas (Frânsk: Alsace, Dútsk: Elsaß of Elsass) wie fan 1982 oant 2016 in bestjoerlike regio fan Frankryk. It gebiet leit op de lofterigge fan de Ryn en wurdt yn it westen begrinzge troch Loataringen. De Elzas is ûnderferdield yn de departeminten Haut-Rhin en Bas-Rhin. De haadstêd is Straasburch. Sûnt 1 jannewaris 2016 makket it gebiet diel út fan 'e nije bestjoerlike regio fan it Grutte Easten.
Alhoewel't de iennige offisjele taal it Frânsk is, wurdt yn 'e Elzas ek noch in eigen Dútsk dialekt sprutsen, it Elzassysk.