Fedde Schurer

Fedde Schurer
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Louw Brants, Bouke, F. Boukes,
S. Gerlofs, S.N. Iselbank,
Sjolle Kreamer, J. Melkema,
Arend van der Meer, Edzard,
Jelle Oenes, Pier Protter,
(Jelle) Rippen, J. Stranger,
F(rank) Wagenaar
echte namme Fedde Schurer
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 25 july 1898
berteplak Drachten (Fryslân)
stoarn 19 maart 1968
stjerplak It Hearrenfean
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk
sjenre poëzij, lit. koarte ferhalen,
toaniel, non-fiksje
perioade midden 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
Fersen
Simson
prizen Fersetspriis 1945
Gysbert Japicxpriis 1949
jierren aktyf 19201968
offisjele webside
n.f.t.

Fedde Schurer (Drachten, 25 july 1898 - It Hearrenfean, 19 maart 1968)[1] wie in Frysk ûnderwizer, sjoernalist en taalaktivist,[2] en ien fan 'e ynfloedrykste Frysktalige dichters fan 'e tweintichste iuw.[3][4] Doe't er yn 1951 foarkomme moast fanwegen mislediging fan in rjochter dy't wegere Frysk te ferstean, late dat ta Kneppelfreed, in opskuor op it Ljouwerter Saailân dy't úteinlik in wichtige ferbettering fan 'e steatsrjochtlike posysje fan 'e Fryske taal fan gefolgen hie.[5] Dêrnjonken wie Schurer as politikus yn 't spier foar de kristensosjalistyske Kristlik-Demokratyske Uny (CDU) en letter siet er yn 'e Twadde Keamer foar de Partij fan de Arbeid.[6] Teffens wied er ien fan 'e foaroanmannen fan it Kristlik Frysk Selskip en sette er him tige yn foar it Frysk yn 'e tsjerken.[7]

  1. Fedde Schurer yn 'e Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse Letteren (DBNL)
  2. Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, Ljouwert (Afûk), 1997, s. 92
  3. Johanneke Liemburg, Fedde Schurer (1898-1968): Biografie van een Friese Koerier, Ljouwert (Friese Pers/Noordboek), 2010
  4. Fedde Schurer yn it Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland
  5. Peter R. Boomsma, Kneppelfreed, Frjentsjer (Uitgeverij Van Wijnen), 1998, s. 9
  6. Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, Ljouwert (Afûk), 1997, s. 92
  7. Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, Ljouwert (Afûk), 1997, s. 92

Fedde Schurer

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne