Fergilius

Publius Fergilius Maro, better bekend as Fergilius (yn de Midsiuwen soms skreaun as Firgilius) (Mantua, 15 oktober 70 f.Kr.Brindisy, 21 septimber 19 f.Kr.), wie in Romeinsk dichter.

Syn bekendste wurk is de Aeneis, it grutte heldedicht dêr't de grutheid fan Rome, fan Romes oarsprong en ferline yn besongen wurdt. Dat wurk moast like ferneamd wurde as de Ilias en de Odyssee fan Homerus, it hat dan ek in soartgelikense ynhâld, mar it is kritysker skreaun. Fergilius ferskynt ek yn La Divina Commedia fan Dante Alighieri, dêr't hy Dante begeliedt troch it Faaiefjoer en de Hel.

De wichtichste boarne foar it libben fan Fergilius is de Vita Vergilii (It libben fan Fergilius) fan de fjirde-iuwske skriuwer Aelius Donatus. Dizze gie foarôf oan syn kommentaar op Fergilius syn wurk, wêrfan allinnich it begjin fan it kommentaar op de Bucolica oerlevere is. It kommentaar fan Donatus waard lykwols brûkt troch syn learling Servius foar in nij kommentaar op it wurk fan Fergilius, dêr't ek inkele biografyske yn steane. Neist it wurk fan Donatus en Servius binne noch inkele minder wichtige libbensbeskriuwingen, en befet it wurk fan Fergilius inkele biografyske gegevens.


Fergilius

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne