United States of America (in) | |
Biedwurd: In God We Trust "Op God betrouwe wy" | |
Folksliet: The Star-Spangled Banner "De banier fol mei stjerren" | |
Haadstêd | Washington, D.C. |
Offisjele taal | Ingelsk1 |
Steatsfoarm | Federaasje |
- presidint | Joe Biden |
Unôfhinklikheid | 1776 |
Oerflak | 9.833.520 km² |
- wetter | 6,97% |
Ynwennertal | 328.239.523 (2019) |
Befolkingstichtens | 32,8 ynw./km² |
Muntienheid | Amerikaanske dollar (USD) |
Nasjonale feestdei | 4 july |
Ynternetdomein | .us, .gov, .mil, .edu |
Telefoan | +1 |
ISO 3166 | US, USA, 840 |
1. It Ingelsk is de nasjonale taal yn de Feriene Steaten mar hat op federaal nivo net it steat fan offisjele taal. |
De Feriene Steaten fan Amearika (FSA of yn 't koart FS, USA) binne in Noardamerikaansk lân, besteande út in federaasje fan 50 dielsteaten. De haadstêd is Washington, D.C., de grutste stêd is New York City. De Feriene Steaten binne nei Kanada en Ruslân it op twa nei grutste lân fan de wrâld foar wat grûngebiet oangiet. Neffens ynwennertal is de Feriene Steaten nei Sina en Yndia ek it op twa nei grutste lân fan de wrâld. It Ingelsk is de grutste taal fan de Feriene Steaten en yn de measte steaten ek erkend as offisjele taal.
De skiednis fan de Feriene Steaten as lân begjint mei de trettjin koloanjes dy't har yn 1776 ûnôfhinklik ferklearren fan it Keninkryk Grut-Brittanje. Troch útwreiding (kolonisaasje) fan it grûngebiet nei it westen ta en in oanhâldende ymmigraasje út Jeropa wei waard de Feriene Steaten yn de 19e iuw in lân fan betsjutting yn 'e wrâld. Yn 1945 wiene de Feriene Steaten it earste lân op de wrâld mei in atoomwapen. De Feriene Steaten binne in permanint lid fan de FN-Feiligensried en is oprjochtsjend lid fan de NAFO. Nei de ein fan de Kâlde Kriich wiene de Feriene Steaten de iennichst oerbleaune supermacht. De presidint fan de Feriene Steaten is sûnt 20 jannewaris 2021 Joe Biden.