Filmstudio

De yngong fan 'e Babelsberg Studio yn Berlyn, de âldste grutskalige filmstudio yn 'e wrâld, stifte yn 1912.

In filmstudio of filmproduksjemaatskippij is eins, yn 'e oarspronklike betsjutting, in gebou dêr't films opnommen wurde of dêr't in bedriuw fêstige is dat films distribuëarret. Meitiid kaam de term te ferwizen nei in kompleks fan sokke gebouwen, en doe nei de ûndernimming dy't sa'n kompleks eskploitearre. Sadwaande wurdt mei 'filmstudio' no oer it algemien ferwiisd nei in filmproduksjemaatskippij mei in eigen filmstudiokompleks, wylst foar 'filmstudio' yn 'e sin fan in gebou dêr't opnames foar films plakfine no de oantsjutting soundstage yn gebrûk is. Hjirby moat oantekene wurde dat de mearderheid fan 'e filmproduksjemaatskippijen gjin eigen filmstudiokompeks yn besit hawwe, mar foar harren produksjes soundstages hiere fan òf de grutte filmstudio's, òf fan selsstannige bedriuwen dy't sels gjin films produsearje, mar har derop talein hawwe om fasiliteiten dêrfoar te ferhieren.

De earste filmstudio waard yn 1893 yn 'e Feriene Steaten boud troch útfiner Thomas Edison, yn West Orange, yn 'e steat Nij-Jersey. Oan it begjin fan 'e tweintichste iuw fêstigen har in protte Amerikaanske filmstudio's yn Los Angeles. Hoewol't elektryske beljochting doe al bestie, wie dy net goed genôch om ynset te wurden foar it opnimmen fan films; dêrom giene de filmproduksjemaatskippijen nei in krite dêr't it jier rûn in protte sinneskyn wie, yn súdlik Kalifornje. Meitiid waard út dy omstannichheid de filmyndustry fan Hollywood berne, dy't oant hjoed de dei ta liedend is foar de filmproduksje yn 'e hiele wrâld.

Oarspronklik wiene der acht filmstudio's dy't yn Hollywood de tsjinst útmakken. Dat wiene de Grutte 5: 20th Century Fox, RKO Pictures, Paramount Pictures, Warner Bros. en Metro-Goldwyn-Mayer (MGM). Dizze fiif studio's kamen bekend te stean as "it studiostelsel". Dêropta wiene der de Lytse 3: Columbia Pictures, United Artists en Universal Pictures. United Artists koe trouwens de titel fan 'grutte' filmstudio faak mar kwealk behâlde, en operearre yn haadsaak as stiper en distributeur fan films dy't troch ûnôfhinklike filmprodusinten makke wiene.


Filmstudio

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne