Keninklike Friesland Foods | |
---|---|
Logo | |
Basis ynformaasje | |
Namme | Keninklike Friesland Foods NV |
Oprjochte | 1997 |
Haadfestiging | Meppel |
Produkten | Súvel en fiedingsmiddelen |
Omset | €5.075 miljard (2007) |
Webside | Friesland Foods |
Friesland Foods wie in grutte ynternasjonale suvelkoöperaasje út Nederlân. It bedriuw hie har festigings benammen yn noard- en east-Nederlân. De ûndernimming wurke op in koöperative basis. Friesland Foods hie yn 2007 in omset fan likernôch 500 miljoen euro. Hjirmei wie it ien fan de tsien grutste molkerijen op de wrâld. By it bedriuw wurken likernôch 15.300 minsken. Friesland Foods hie grutte merk-oandielen yn West-, Sintraal-, en East-Jeropa. Ek wie it bedriuw in protte aktyf yn it Midden-Easten, Súdeast-Aazje en West-Afrika.