In froedskip is de namme fan in iermodern type kolleezje, en ek de titel fan in boarger dy't diel útmakket fan sa'n kolleezje (ek wol froedsman neamd).
De measte stêden yn de iermoderne tiid hienen in regear besteande út keazen manlike poarters, dy't sitting hienen yn de froedskip. Yn de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen bestie in stedsbestjoer út de magistraat en de froedskip. De magistraat (of stedsregear), de fjouwer of seis boargemasters en of skepenen, en holden har dwaande mei it deistich bestjoer fan de stêd. Yn de measte stêden waarden de boargemasters foar de perioade fan fjouwer jier keazen. De lêst oantredende boargemaster wie ferantwurdlik foar de skutterij. De froedskip stelde de magistraat oan, dy't yn de regel út eigen fermidden kaam. Der wie dêrby sprake fan yn yngewikkeld stelsel fan lotting en yn de measte gewesten nei 1748 fan foardrachten oan de steedhâlder.
De froedskip waard gearroppen by finansjele kwestjes, en altyd by ferkiezingen foar de besetting fan wichtige posten. Dan gie it benammen om it tsjinjen fan de ekonomyske belangen, wêryn't de leden fan de froedskip in grut oandiel hienen. Oars as de magistraten waarden froedskipsleden foar it libben beneamd. It kolleezje bestie út tsien oant fjirtich boargers, dat ien kear wyks of noch minder fergadere, soms oer lanlike poliityk. Se keazen yn de moanne jannewaris ien of twa nije boargemasters en fertsjintwurdigers nei de Provinsjale Steaten.
Lidmaatskip wie as regel in kwestje fan útferkiezing (koöptaasje) en net fan erfopfolging. Famyljebannen wienen dêrby tige wichtich, mar ek wolstân en sosjale status telden mei. Froedmannen moasten foldwaan oan twa betingsten: lidmaatskip fan de Grifformearde tsjerke en it besit fan in hûs. Hoewol't stedsbestjoeren neffens hjoeddeiske noarmen mear wei hienen fan in oligargy as fan in meritokrasy, nimt dit net wei dat famyljebannen nea in wetlike basis foar ferkiezing foarmen.
Yn tiden fan krisis hie de steedhâlder it rjocht nije froedskipsleden te beneamen, in saneamde wetsfersetting. Dat barde yn 1619, 1672, 1748 en 1787.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|