Gouden Liuw

Gouden Liuw
Regisseur Todd Philips mei de Gouden Liuw dy't er yn 2019 wûn foar syn film Joker.
Regisseur Todd Philips mei de Gouden Liuw dy't
er yn 2019 wûn foar syn film Joker.
algemiene ynformaasje
hist. namme Grutte Ynternasjonale Priis
   fan Feneesje
nasjonaliteit Italjaansk
útrikt foar bêste film
útrikt troch Ynternasjonaal Filmfestival
   fan Feneesje
frekwinsje 1× jiers
datum ein augustus, begjin septimber
plak Feneesje (Itaalje)
ynsteld 1946
1e útrikking 1946
offisjele webside
www.labiennale.org

De Gouden Liuw (Italjaansk: Leone d'Oro) is de wichtichste priis dy't útrikt wurdt op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje en takend wurdt oan 'e as bêste beoardiele film. It Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje is (yn 'e mande mei it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes en it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn) ien fan 'e trije meast prestizjeuze ynternasjonale filmfestivals, en wurdt elts jier ein augustus, begjin septimber holden wurdt yn 'e stêd Feneesje. De Gouden Liuw waard yn 1946 ynsteld ta ferfanging fan 'e eardere Mussolini Trofee (Coppa Mussolini). De earste trije jier hiet de priis Grutte Ynternasjonale Priis fan Feneesje (Gran Premio Internazionale di Venezia); pas mei yngong fan 1949 waard de namme 'Gouden Liuw' brûkt. Sûnt 1970 wurdt op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje ek in oeuvrepriis útrikt: de Gouden Liuw foar it Oeuvre (Leone d'Oro alla Carriera).


Gouden Liuw

Dodaje.pl - Ogłoszenia lokalne