N355 | |
---|---|
Langte: | 54,2 km |
Kaart | |
De Grinzer Strjitwei, offisjele namme: Provinsjale wei 355 of N355, is in provinsjale wei yn Fryslân en Grinslân dy't Ljouwert in direkte ferbining mei Grins jout. Dy dyk bestiet al sûnt 1821. De Grinzer Strjitwei hat lange tiid de wichtichste ferbining west tusken Ljouwert en Grins, oant dy funksje oernaam waard troch de Wâldwei en de A7.
De Grinzer Strjitwei begjint yn Ljouwert en rint noardlik om Hurdegaryp hinne nei de ovonde op ûngelikense hichte by Quatrebras dêr't er mei de N356 (Sintrale As) ferbynt. Fan dêr rint de dyk troch Noardburgum en Twizel en giet er om Bûtenpost hinne. Dêrnei rint er oer de Lauwers Grinslân yn, dêr't er Fryske Strjitwei hjit. De N355 rint fierder nei it easten oer Gryptsjerk en Nijesyl, en krúst tusken Noardhorn en Súdhorn oer it Van Starkenborghkanaal. Fan dêr rint de N355 nei Grins dêr't er oanslút op de N46.
De dyk is foar it grutste part in twastripe-ûntslutingsdyk mei bûten de beboude kom in maksimumfaasje fan 80 km/o. Tusken Ljouwert en Hurdegaryp is de dyk in 2x2 autowei mei in maksimumfaasje fan 100 km/o.